Antonius Zorggroep nimt soarch Noardeastpolder en Urk oer

De Antonius Zorggroep yn Snits nimt de sikehûssoarch yn de Noardeastpolder en op Urk oer. De Iselmarsikehuzen dy't dy soarch oant no ta leveren, binne yn oktober fallyt gien. De soarchgroep is al yn Emmeloord aktyf en sil in diel fan de meiwurkers en de medyske apparatuer fan it fallite sikehûs yn it plak oernimme.
It Antoniussikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Foarsitter fan de ried fan bestjoer Marcel Kuin fan de Antonius Zorggroep
Antonius hat in fakatuerline iepene, dêr't meiwurkers fan it poldersikehûs sollisitearje kinne. Foar de eigen meiwurkers yn Emmeloord en Snits betsjut it de kommende wiken ekstra wurkdruk. Tagelyk sille de pasjinten yn Snits de kommende tiid wat fernimme fan de ekstra drokte.
It sikehûs sil de sprekoeren nei de jûnstiden útwreidzje, om de drokte op te fangen. Der is ek ekstra personiel oannaam. Dat hat it bestjoer mei de ûndernimmingsried besprutsen. Dy hat oanjûn wol soargen te hawwen oer de ekstra wurkdruk, mar sjocht tagelyk dat de útwreiding kânsen biedt foar de takomst fan it sikehûs.