"Scootmobilen moatte needknop krije"

21 nov 2018 - 12:41

"Alle scootmobilen soene in needknop hawwe moatte", dat seit eigener Simon de Jong fan Scootmobiel Friesland yn Sint-Nyk. Hy ferkeapet al jierren scootmobilen troch de hiele provinsje en besiket derby altyd ekstra op de feiligens. Sa krije alle klanten fan him in kursus. Mar net elke ferkeaper fan scootmobilen giet der sa mei om.

Scootmobilen moatte needknop krije

Op woansdei kaam de stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid mei nije oanbefellings oer de scootmobilen. Sa soe der neffens de stichting mear regeljouwing komme moatte. Ek soe de stabiliteit fan it ferfiermiddel ferbettere wurde moatte.

Simon de Jong fan Scootmobiel Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Wol regels, mar net te strang

De Jong is dêr wol foar al leit it neffens him net allinnich oan regeljouwing. "We moatte de regels net sa strang meitsje dat de minsken dy't it nedich hawwe daliks de dyk net mear op kinne. Faak hawwe se al harren auto ferlern en kinne se ek al net mear fytse. De scootmobyl is dan noch harren iennige mooglikheid."

Neffens De Jong soe ek sjoen wurde moatte nei hoe't de scootmobilen betelle wurde. Sa jildt bygelyks dat ien dy't it ferfiermiddel kriget fia de WMO faak allinnich de goedkeapste scootmobyl krije kinne. "En dat binne faak de scootmobilen op trije tsjillen dy't maklik omfalle. Dat is fansels freegjen om problemen."

Wytse Vellinga is by Scootmobiel Friesland yn Sint-Nyk

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
scootmobyl needknop
(Advertinsje)
(Advertinsje)