D66-riedslid Tytsjerksteradiel oppakt yn ûndersyk nei drugshannel

21 nov 2018 - 12:27

Yn in ûndersyk nei de hannel yn drugs, tiisdei op ferskate plakken yn Noard-Fryslân, is it riedslid fan D66 fan Tytsjerksteradiel oppakt. De plysje hat ek ûndersyk dien yn syn wenning yn Mûnein.

Foto: Public Domain Pictures

Yn totaal hat de plysje sân minsken oanholden. Twa fan harren binne leden fan de Hells Angels. Der binne ynfallen dien yn njoggen wenten, ûnder oare yn Harns, Easterbierrum, Drylts en Arum. Der binne ferskate himpkwekerijen fûn en hûnderten XTC-pillen en oare harddrugs. Ek op Skylge waard in himpkwekerij oprôle en dat is neffens de plysje foar it earst op dit eilân.

It oppakte riedslid foarmet sûnt maart de ienmansfraksje foar D66 yn de ried fan Tytsjerksteradiel. De gemeente is op 'e hichte fan de oanhâlding. It riedslid sit fêst en moat noch heard wurde troch de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)