AFA Fryslân beriedt him op blokkade gemeentehûs yn Drachten om wenweinplakken

21 nov 2018 - 11:00

De ekstreem-linkse aksjegroep Anti Fascistische Aktie Fryslân beriedt him op in blokkade fan it gemeentehûs yn Drachten, as de gemeente Smellingerlân net minimaal 20 wenweinplakken beskikber stelt.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wenweinbewenners fiere al langer aksje, om't der neffens har in tekoart oan steanplakken is. Se hâlde út protest it âlde kamp by Drachtsterkompenije beset.

Neffens AFA Fryslân wurde lokaasjes ôfwiisd op basis fan beswieren fan omwenners, dy't gjin wenweinen yn harren wyk ha wolle. De aksjegroep sprekt fan diskriminaasje en wol dat de gemeente rap mei steanplakken komt. Neist de blokkade fan it gemeentehû tinkt de AFA nei oer mear aksjes.

Neffens de feilichheidstsjinsten is de ekstreem-linkse aksjegroep gewelddiedich en in potinsjeel gefaar foar de demokrasy.

(advertinsje)
(advertinsje)