Euvel REC ferholpen, Omrin stookt ôffaloven wer op

21 nov 2018 - 09:49

Omrin hat de ôffaloven yn Harns woansdei wer opstart. De tsjettel is opstookt en it bedriuw ferwachtet yn de rin fan de dei wer ôffal ferbrâne te kinnen. De ferbrâningsoven waard op 12 novimber stillein nei in lekkaazje yn de tsjettel. Neffens Omrin is it euvel ferholpen en kin de REC wer yn bedriuw naam wurde.

Foto: Ymte de Jager

De lekkaazje fan oardel wike lyn soarge foar in grutte reekplom boppe de oven, dy't yn de fiere omkriten te sjen wiene. Omwenners hiene lêst fan stank. Ut mjittingen die bliken dat der gjin skealike stoffen frijkamen, mar de skrik ûnder de omwenners siet der nei de safolste steuring goed yn.

De gemeente Harns hat nei oanlieding fan de lêste steuring oanjûn dat se op koarte termyn mei Provinsjale en Deputearre Steaten om tafel wolle om oer de REC te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)