Genôch oanmeldingen foar oanlis glêsfezel yn bûtengebiet Opsterlân

De oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet fan Opsterlân kin los, meldt Kabelnoord. By it bedriuw hawwe har yntusken mear húshâldens meld as nedich wie om los te gean mei de oanlis. De ûndergrins lei op 60 prosint, mar yntusken hat 74 prosint fan de húshâldens oanjûn glêsfezel te wollen.
Glêsfezel ynternet © Shutterstock.com
"Het succes van de glasvezelcampagne is te danken aan de grandioze inzet van een hele grote groep ambassadeurs, de gemeente Opsterland en plaatselijke dorpsbelangen", seit direkteur Niek Geelhoek fan Kabelnoord. "In de laatste weken trokken vrijwilligers van deur tot deur en stroomden de aanmeldingen binnen: digitaal, per post en telefonisch."

Oanlis

Kabelnoord sil de kommende tiid de fergunningen oanfreegje dy't foar de oanlis fan it glêsfezel nedich binne. Ek wurdt besjoen wêr yn de huzen de oansluting komme moat. Yn it twadde fearnsjier fan 2019 begjint de echte oanlis.
Ynwenners fan it bûtengebiet fan Opsterlân dy't ek noch glêsfezel ha wolle, kinne har noch oant en mei 3 desimber melde.