Kollum: "Taal"

21 nov 2018 - 07:53

"Kollumkollega is in wurd wat net bestiet. Dochs is Hilda Talsma myn kollumkollega. Se is freeds om dizze tiid hinne te beharkjen. Gewoanwei soe ik sizze dat se dan te hearren is. Mar dan wurdt dat letter, as je de tekst opstjoere nei de redaksje fan Omrop Fryslân, dochs wer feroare yn 'beharkjen'.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Hilda Talsma hie it yn in eardere kollum oer har sekslibben. Se sei dat se by de hichtepunten dêrfan sin krige oan 'pindasaus'. Dat waard letter yn de tekst feroare yn apenútsaus. Dêr hie se it freed oer. Se sei dat apenútsaus in ûnwerklik wurd is. Dat is ek sa. Ik ha noch nea immen it wurd apenútsaus sizzen heard. Sels net immen fan de Ried fan de Fryske Beweging en dy fertelle de Europeeske Kommisje dizze wike dat wy diskriminearre wurde, om't de patatboer net wit wat apenútsaus is.

Yn it wurdboek stiet dat je tsjin pindasaus gewoan pindasaus sizze meie. As je it wurd saus net fertale yn mjuks, dan hoege je de pinda hielendal net te fertalen. Sa bin ik wolris wurden tsjinkaam yn myn eigen kollum, dêr't ik noch noait fan heard hie. Mar se binne net konsekwint hear: Ik skriuw kollum gewoan as it plak Kollum. Fout, sa skriuwe je it net yn it Frysk. We soene gewoan c-o-l-u-m-n skriuwe moatte. Mar dat feroaret de redaksje ek wer net.

Dy is dus somtiden Frysker as Frysk. De swiere opjefte fan de Omrop. Wannear dogge je it. "Weagen fersmodzkje ús iggen". Ja, tachtich persint fan ús harkers begrypt it net. Dat wurdt dus "golfkes ferniele ús wâllen". En dan moatte je ek wer net safier ferhollânskje dat je it echte Frysk fertutearzje litte.

Neffens Omrop Fryslân binne der ferline wike twa skippen op see botst. Watte, it wurd botsing kaam tsien kear foar yn it berjocht. Tsien kear krige ik de ride oer de rêch. Hylke Speerstra naam my oan as korrespondint fan Schuttevaer en sei dat ik mar om ien ding hoegde te tinken, skippen botse net, dy ha oanfarrings. Ik ha letter wolris in berjocht heard dat de skûtsjes fan Meeter en Zwaga botsten. Dêr sliepte ik trije wike net fan. En dat wie ek wer net nedich, want elk koe echt wol begripe dat se tsjin elkoar op sieten.

CDA-Twadde-Keamerlid Harry van der Molen fan Ljouwert siet ek mei in taalprobleem. Hy hie der sels in wetsfoarstel oer makke. It wurd 'studievoorschot' moast 'studielening' wurde. It liket my alhiel net fan belang, mar miskien is it yn dit lân wol sa dat foarskotten net altiten werombetelle wurde en lieningen wol. En dat witte se by it CDA.

Oer dit ûnsinfoarstel waard trije kear stimd yn de Keamer. Trije kear lykspul. De lêste kear 73-73. Der wiene fan beide kanten twa Keamerleden net, dus ek as se der allegear west hiene, hie it lykspul wurden. It foarstel is dêrmei net oannaam. Harry sil no wat betinke om dochs gelyk te krijen. Ik hoopje dat der immen yntusken útrekkenje sil hoefolle studinten fiif jier studearje kinne fan it bedrach dat Harry fergriemt oan dit ûnsinniche gedoch.

De oare kant lyksa hear. Fryske GrienLinksers sieten gesellich by elkoar om de tafel. Se dreamden dat se in Klavertje Fjouwer fûnen. Doe sei immen ynienen dat it better is de namme GroenLinks tenei net mear yn it Frysk te fertalen. GroenLinks dus. Net GrienLinks. Gjin i mar in o.

O. Der binne hjir yn Fryslân dochs in stik as wat gemeenten dêr't it Grien is. Op de gearkomste waard der lykwols posityf op reagearre. Dat wienen groene linksers. Mar as Friezen lid binne fan GroenLinks dan sizze dy gewoan altyd dat se by GrienLinks hearre. Dat kin aanst net mear dus. Groen.

Mar dan gean al dy grienen dochs wer moai werom nei de FNP. Dat wol mei klimaat en miljeu presys itselde as GroenLinks. It liket sa no en dan net sa, mar dat komt om't de FNP yn kolleezjes sit en dan wurde je sis mar wolris wat nonsjalanter yn datsoarte saken. Mar as it giet oer it Frysk stean se oerein. Kom mar groenen, seit de FNP. Wy neame ús tenei GFF: Grien Frysk Folk."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)