LIVEBLOG: CDA wint yn Noardeast-Fryslân
De stimbussen binne iepen. Op dizze woansdei binne de ferkiezingen foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Minsken út Dongeradiel, Kollumerlân c.a. en Ferwerderadiel sille harren stim útbringe. Folgje de ûntwikkelingen yn dit liveblog. De stimbussen slute om 21.00 oere.
De foarriedige útslach is bekend, it is no wachtsjen op de definitive útslach dy't oankommende freed bekendmakke wurde sil. Sjoch hjir foar alle reaksjes op de útslach.
Dêrmei slute wy dit liveblog en winskje wy jimme in moaie nacht.
De earste reaksjes
45 buro's telt
Alle 45 stimburo's binne teld
Partij | Stimmen | Sitten |
CDA | 3.761 | 7 |
FNP | 2.634 | 5 |
S!N | 2.188 | 4 |
ChristenUnie | 2.064 | 4 |
VVD | 1.939 | 3 |
PvdA | 1.570 | 3 |
Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân | 1.085 | 2 |
ELP-NEF | 947 | 1 |
Waddenpartij | 258 | 0 |
Lieuwe Sytsma fan it CDA
CDA foarman Lieuwe Sytsma sjocht fol spanning nei de striid tusken syn partij en de FNP. "Ik haw it swit yn 'e hannen!" Sytsma wurket op dit stuit noch yn it ûnderwiis, en tinkt dat er in drokke tiid temjitte giet. "Ik sjoch it programma fan de kommende wiken, dit wurdt sneins wurkje, dat kin net oars. Mar je moatte bliid mei wêze mei dit resultaat as it sa bliuwt."
30 stimburo's teld
Hoe stiet it der no foar
Yntusken binne fan 30 stimburo's de stimmen binnen. Dit soe de ferdieling yn sitten wêze:
- CDA 7
- FNP 6
- S!N 4
- ChristenUnie 3
- VVD 3
- PvdA 2
- ELP-NEF 2
- GemeenteBelangen 2
- Waddenpartij 0
Yn totaal binne der 45 stimburo's.