Struiweinen op 'en paad, rûnom kâns op glêdens

21 nov 2018 - 07:28

Op ferskate plakken yn de provinsje binne woansdeitemoarn struiweinen op 'en paad. De provinsje lit alle provinsjale diken struien, mar ek ferskate gemeenten binne ûnderweis. "Pas op, het kan glad zijn", twitteret de gemeente Tytsjerksteradiel. "Rij voorzichtig en houd rekening met gladde wegen!", is it boadskip fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Struiwein op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media

Waarman Piet Paulusma lit witte dat de temperatuer de kommende oeren noch wat sakje kin. Ek wiist er derop dat it troch de eastlike wyn kâlder oanfielt as dat it is. Ek de kommende nachten is der neffens Piet kâns op glêdens.

Trefwurden: 
glêdens struiweinen
(Advertinsje)
(Advertinsje)