Besikers foarstelling Thuislozen nimme sokken en ûnderguod mei

21 nov 2018 - 07:15

It tal minsken dat op strjitte libbet, nimt ta. En dat binne al lang net mear allinnich junks of frjemde swalkers. Tëatermakker Adelheid Roosen hat dêr de foarstelling Thuislozen oer makke. It stik waard tiisdeitejûn opfierd yn De Harmonie yn Ljouwert. De besikers fan de foarstelling is frege om wat mei te nimmen foar de dak- en thúsleazen. It Leger des Heils wie oanwêzich mei in bakfyts om it guod yn te sammeljen.

Foto: Omrop Fryslân

Ferlet fan sokken

It Leger des Heils hat foaral no, mei de winter foar de doar, in soad ferlet fan handoeken, sokken en ûnderguod. "We fernimme dat it kâlder wurdt en der binne sear seker minsken dy't no bûten sliepe. As dy minsken by ús op de deiopfang oan De Tunen komme, dan kinne we se yn alle gefallen it basisguod meijaan", seit it Leger des Heils.

De Harmonie hat it inisjatyf betocht en de oprop dien om guod mei te nimmen. It Leger des Heils is tige bliid mei de aksje dy't in soad guod opsmiten hat. Oan it ein fan de jûn koe de klep fan de bakfyts net mear ticht.

Teätermakker Adelheid Roosen

Thuislozen

Mei de foarstelling hopet Adelheid Roosen dat minsken harren realisearje hoe faak se harren eagen delslaan of net yn kontakt komme wolle mei dak- en thúsleazen. "Omdat het er griezelig uitziet of omdat je niet weet waar je in belandt, terwijl er heel veel dakloze mensen zijn."

De foarstelling duorret in lytse fjouwer oeren. It stik hat twa kear skoft, wêryn't eardere thúsleazen fertelle oer harren libben op strjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)