"Oername soarch Noardeastpolder troch Antonius Zorggroep tige realistysk"

20 nov 2018 - 22:46
Foto: Omrop Fryslân

De kâns is grut dat de Antonius Zorggroep yn Snits de sikehûssoarch oernimt yn de Noardeastpolder en op Urk. De Iselmarsikehuzen dy't dy soarch oant no ta leveren, binne yn oktober fallyt gien. In oername troch de Antonius Zorggroep soe neffens de kuratoaren hiel realistysk wêze. Dat meldt minister Bruno Bruins fan soarch yn in brief oan de Twadde Keamer.

De Antonius Zorggroep wol mear soarch thús oanbiede, yn plak fan yn it sikehûs.

De soarchgroep hat ek al in spoedpost yn Emmeloord. Dy is oerdeis en jûns iepen foar ienfâldige sjirurgyske soarch, lykas röntgenfoto's, gipsferbannen en lytse hechtingen. It sikehûs yn Snits kin meisjen mei bylden dy't yn Emmeloord makke wurde, advisearje oer behannelingen en eventueel ek minsken trochstjoere.

Minsken dy't yn de Noardeastpolder of op Urk wenje, kinne neffens de minister nachts, of foar kompleksere soarch, telâne by de earste help fan oare sikehuzen yn de regio. Dy stean bygelyks yn Snits, It Hearrenfean en Almere.

It sikehûs yn Lelystêd soe oernommen wurde troch it Sint Jansdal-sikehûs yn Hurderwyk. Der komt gjin folweardige ôfdieling spoedeaskjende help. De minister seit mei klam dat de ûnderhannelingen noch rinne, mar neffens him is it "zeer waarschijnlijk" dat de medysk-spesjalistyske basissoarch troch de trochstart behâlden bliuwt foar de ynwenners fan Flevolân.

Trefwurden: 
soarch Antonius Zorgggroep
(Advertinsje)
(Advertinsje)