Kommissaris Brok: "Aksjegroep tsjin wynpark Nij Hiddum-Houw moat him by de feiten hâlde"

20 nov 2018 - 22:19

De nuânse is fuort út it debat oer de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. Dat seit kommissaris fan de kening Arno Brok. Hy reagearret op in parseberjocht fan de aksjegroep Hou Friesland Mooi. Dy seit dat it kolleezje fan Deputearre Steaten mooglik saken 'ûnder de pet' hâlden hat by it steatedebat fan 18 july. Doe foel it definitive beslút om by Hiddum-Houw njoggen megawynmûnen te pleatsen.

In soad omwenners binne op de komst fan de wynmûnen tsjin. De aksjegroep wol nei de rjochter stappe om de deputearren Klaas Kielstra en Sander de Rouwe en amtners ûnder de eed te hearren. De deputearren soene yn july al witten hawwe dat wynpark Nij-Hiddum Houw eins net nedich is, omdat de wynmûnen dy't yn de Iselmar komme, genôch wynenerzjy opwekke om oan de doelen fan it ryk te foldwaan.

Brok ropt op ta 'fair play'. Hy seit dat de aksjegroep it parseberjocht mei feiten ûnderbouwe moat.

Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris Brok

"Debat is op goede wize fierd"

Brok: "It kolleezje fan Deputearre Steaten en wy as kommissarissen hawwe de eed ôflein of de belofte dien dat wy altyd de wierheid sprekke sille. It debat yn ús provinsjaal parlemint is op de goede wize fierd, neffens my. Dat net elkenien tefreden is oer de útkomsten, dan mei dat. Elk is frij om in sivile proseduerre oan te gean, ek rjochting Deputearre Steaten. As it al safier komme sil, dan sille de leden fan Deputearre Steaten mei lykweardige teksten en itselde ferhaal komme as by ús yn de Steaten."

Der moatte feiten komme en gjin ynterpretaasjes.

Kommissaris Brok

Under de pet hâlde

"Wêr't ik problemen mei haw, is dat der yn it parseberjocht suggestjes wekt wurde, lykas mei fan 'ûnder de pet hâlde'. Wy moatte fair play spylje. As der al minsken binne dy't tinke dat de wierheid net nei foaren brocht is, dan moatte se mei feiten komme en net mei ynterpretaasjes. Dan freegje ik om in ûnderbouwing fan de stelling. Minsken binne frij om it debat te fieren. En wat de toan fan it debat oanbelanget: Elke fûgel tsjotteret nei't syn bek is. Elk is frij om syn eigen toan te bepalen, mar wol op basis fan fair play."

(advertinsje)