Finansjeel tekoart driget foar BV Sport troch nije Europeeske regeljouwing

Der driget in grut tekoart foar BV Sport yn Ljouwert. Troch nije Europeeske regeljouwing wurdt de BV Sport dy't yn Ljouwert en Stiens sportakkommodaasjes beheart, sjoen as in sportaktiviteit mei it doel om winst te meitsjen.
© Omrop Fryslân
Dat hat negative gefolgen foar de btw, want dy kin net mear ôflutsen wurde. De BV Sport soe dan foar takom jier in tekoart hawwe fan seis ton. Oare BV Sportorganisaasjes yn Nederlân hawwe der ek lêst fan. Se lûke no mei-inoar op om de Brusselske maatregel, dy't op 1 jannewaris yngiet, te kearen.
Wethâlder Sjoerd Feitsma
"Der is nije wetjouwing fanút Europa om sport tagonglik te meitsjen foar minsken", leit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert út. De maatregel hat yn Nederlân in ûnbedoeld negatyf by-effekt. "Yn Nederlân binne yn it ferline in behoarlik soad gemeentlike sportaktiviteiten ûnderbrocht by BV's. De maatregel fan Europa hat as gefolch dat dy BV's gjin btw mear ôflûke kinne. Dat betsjut dat der foar takom jier in probleem ûntstean kin.
De btw-maatregel giet formeel yn mei yngong fan jannewaris 2019. It soe pas ein takom jier in probleem wêze. Mar, ik kin my foarstelle dat se yn Den Haag ek besykje om hjir wat oan te dwaan."