GGD Fryslân: Foarljochting oer faksinaasjes begjint by ús al flak nei de berte fan lytse poppen

20 nov 2018 - 20:32

Steatssekretaris Blokhuis fan sûnens ropt op ta foarljochting oer faksinaasjes, mar dat docht de GGD Fryslân eins altyd al, seit Koosje van Aalzum fan de GGD. "As wy foar de earste kear by âlden op húsbesite gean, as de poppen krekt berne binne, begjinne wy al oer faksinaasjes. Wy fine it hiel belangryk mei de âlden yn petear te gean."

Foto: ANP

Hieltyd mear âlden litte harren bern net langer ynintsje. Se dogge dat om't se net de goede ynformaasje hawwe, om't se bang binne foar de bywurkingen fan de faksins. De âlden moatte better ynformearre wurde, fynt steatssekretaris Blokhuis fan sûnens. Hy sjocht deryn in rol foar de jeugdsûnenssoarch. Dy soe yngeande petearen mei de âlden fiere moatte om harren te oertsjûgjen.

"Foar bywurkingen hoege de minsken net te wêzen", seit Koosje van Aalzum. "Yn it ryksfaksinaasjeprogamma sitte faksins dy't gjin slimme bywurkingen hawwe. It is dus feilich."

Yn Fryslân nimt it tal faksinaasjes licht ôf. Mar it binne noch altyd mear as it lanlik trochsneedsifer. Wy sitte no op sawat 93 prosint. Dus njoggen fan de tsien bern binne wol yninte. Mar wy wolle graach dat it mear wurdt. Seker 95 prosint om de groeps-ymmuniteit seker te stellen."

Koosje van Aalzum fan de GGD Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)