Akkoart yn Brussel: Boeren meie eigen dong ferwurkje en ferhannelje

20 nov 2018 - 20:06

Boeren meie fan it jier 2022 ôf dong fan it eigen bedriuw frij ferwurkje en ferhannelje. Dat stiet yn de nije Europeeske dongwetjouwing dêr't tiisdei in akkoart oer sletten is yn Brussel.

Foto: ANP

Europarlemintariër Jan Huitema oer it Europeeske dongakkoart

Boeren kinne tenei mear sirkulêr wurkje

It akkoart is sletten yn in 'triolooch'. Dat is in oerlis tusken Europeesk Parlemint, Europeeske kommisje en de 28 lidsteaten. De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) siet dêrby oan tafel as ûnderhanneler út namme fan it Europeesk Parlemint. Neffens him giet it om neat minder as in trochbraak. "Mei de nije regels kinne de boeren sels, mar ek hiel Europa folle mear sirkulêr wurkje. No is it noch sa dat boeren keunstdong bykeapje moatte, omdat se de eigen stront net opwurkje meie. Troch de nije regels stimulearje wy de produksje fan nije dongprodukten fan ôffal, dong en oare resten."

In tredde minder keunstdong

Huitema ferwachtet dat de Europeeske Uny yn de nije situaasje wol mei sa'n 30% minder keunstdong ta kin. Dat betsjut grutte miljeuwinst. Huitema ferwachtet dat de keunstdongyndustry de kommende jierren in stik duorsumer wurde sil. "Se sille har oanpasse moatte oan de nije situaasje. Mar as se dat dogge, lizze der ek kânsen foar dizze bedriuwen."

Europarlemintariër Huitema is grutsk

De nije regels komme yn plak fan de âlde nasjonale wetjouwing. Nei de stimming yn it Europeesk Parlemint krije de lidsteaten trije jier de tiid om de nije wetjouwing yn te fieren. Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea seit 'grutsk' te wêzen op it ûnderhannelingsresultaat. "Troch de nije regels kinne boeren duorsumer en goedkeaper wurkje, in prachtige win-win-situaasje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)