Besite oan Eastenryksk lânbou-eksperimint kriget ferfolch

De besite fan de delegaasje út de lânbousektor oan in unyk eksperimint yn Eastenryk, op 15 en 16 novimber, kriget ynkoarten in ferfolch. Dat seit Cees Meijles, oanjager fan in sirkulêre lânbou by de provinsje en inisjatyfnimmer fan de reis.
Friezen dogge ynspiraasje op yn Eastenryk yn striid tsjin CO2-útstjit

Is de metoade te brûken yn Fryslân?

De delegaasje beseach yn de regio Kaindorf in projekt wêryn't boeren de CO2-opname op harren bedriuw ferheegje en de grûn sûner en fruchtberder meitsje. Se dogge dat troch mear plantegroei op braaklizzende grûn en troch minder ploegjen, minder keunstdong en it struien fan kompost.
In tal leden fan de delegaasje praat oer twa wiken fierder oer de tapasberens fan de Eastenrykske metoade yn Fryslân. Takom moandei wurdt it projekt presintearre op Oer de Grinzen, in grut klimaatevenemint yn De Harmonie yn Ljouwert.

Fleanreis kompensearre

De Eastenrykske boeren meie ek serfikaten ferkeapje fan de ekstra CO2 dy't se mei de metoade op harren bedriuw opwekke. Bedriuwen kinne harren útstjit dêrmei kompensearje. De delegaasje út Fryslân hat dêr ek gebrûk fan makke. Fia de provinsje binne fiif serfitikaten kocht om de CO2-útstjit fan de fleanreis nei Eastenryk de kompensearjen.