Skokkende lift Natuermuseum Fryslân is wer makke

De problemen mei de lift yn it Natuurmuseum Fryslân binne oplost. Nei wiken fan ûndersyk is in swierdere motor yn de lift set.
© Natuurmuseum Fryslân
De lift waard bûten gebrûk steld yn de hjerstfakânsje, omdat er nochal skokte. Minsken waarden dêr benaud fan. Troch de liftproblemen koene de nije ûnderwettertentoanstelling net mear besocht wurde. Dochs bliuwt de tentoanstelling ek de kommende moannen noch ticht. It museum sil no earst ferbouwe.
Njonken de lift wurde no ek noch treppen boud. Sa hoecht de lift net mear in pear hûndert kear deis brûkt te wurden en is it museum net ôfhinklik fan mar ien mooglikheid om ûnder te kommen. De ferwachting is dat yn febrewaris de ferbouwing klear is dat elkenien de útstalling besjen kin.
Direkteur Tom van Slooten, Natuurmuseum Fryslân