FIDEO: Hoefier binne se yn De Peinder Mieden?

Noch in pear moanne en dan kinne de earste bewenners yn de nije wenwyk De Peinder Mieden wenje. De ferwachting is dat yn febrewaris de earste huzen klear wêze sille. Oan de râne fan De Pein wurdt op dit stuit drok wurke. Mei-inoar sille yn it gebiet 38 wenningen boud wurde. Yn 2020 moatte alle huzen der stean, sa is it doel. It hûs fan de famylje Van Staveren sil nei alle gedachten as earste klear wêze. Sy komme oan it Peinder Kanaal te wenjen. De bewenners sille sels foar it grien- en natuerbehear fan de wyk soargje.
Peinder Mieden (titel noch oanpasse)