Tydlike iisbaan Boalsert soarget foar opskuor tusken ûndernimmers en gemeente

20 nov 2018 - 17:05

In tydlike iisbaan yn Boalsert soarget foar opskuor tusken ûndernimmers en gemeente. De iisbaan komt nammentlik op it Marktplein en dêr is op tongersdei altyd de merk.

Foto: Friesland Actueel

De iisbaan krige ferline jier al in moai plak op it Marktplein, mar doe wie de iisbaan der mar foar ien dei. Dizze kear moat de iisbaan trije wiken bliuwe en dat soarget foar problemen.

De gemeente wol graach dat de iisbaan op woansdei ôfbrutsen wurdt en op tongersdei wer opnij te plak komt. Vereniging Ondernemend Bolsward wol graach in oare oplossing hawwe. De iisbaan twa kear ôfbrekke en opnij opsette kostet nammentlik in soad jild en tiid.

Gedoch oer iisbaan Boalsert

De iisbaan stiet op it plak fan de fiskboer en de hinneboer. Sy fine it gjin probleem om nei in oar plak te ferhúzjen, mar de gemeente wol dat net lije. Neffens Fer Grijmans fan Vereniging Ondernemend Bolsward is it spitich dat de gemeente, en benammen de merkmaster, net meiwurkje wol. "We hebben een sponsor gevonden om een tent te plaatsen boven de ijsbaan. Maar als deze twee keer moet worden afgebroken, zegt de sponsor natuurlijk: ik ga niet twee keer die tent afbreken. Nu wordt het dus een onoverdekte ijsbaan."

Sa rinne de kosten foar de feriening heech op, en dat is neffens Grijmans net nedich. Hy seit dat der tal fan oplossingen te finen, en hy giet dizze wike noch in kear yn petear mei de gemeente.

Foto: Friesland Actueel
Trefwurden: 
Boalsert reedride iisbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)