IFKS ferliest fêste gesichten yn grutte A: "It rommelet yn it liif"

20 nov 2018 - 16:27

Nei 20 jier is hy hast net mear wei te tinken út de IFKS, dochs hâldt skipper Siebo Zijsling dermei op. Ofrûne kampioenskippen rekke hy syn plak yn de grutte A al kwyt troch degradaasje nei de B-klasse.

Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

"Dat wie in grouwe domper en it fielt no ek as dat we de handoek yn de ring goaie. It is nea leuk om op te hâlden nei degradearjen, mar myn omkesizzer Steven Zijsling kaam foarby, dus ha we besluten dat it dan no mar wêze moat. It rommelet wol yn it liif, hear. En wy kinne ús oant febrewaris noch opjaan, dus wa wit dogge we dochs noch mei. Op in oar skûtsje dan, want Steven sylt op de Striidber fierder. Wy binne begûn doe't we 18 wiene, dat is 30 jier lyn, dus it is ek tiid foar farsk bloed."

Lucas Bouma

Ek Lucas Bouma jout takom jier it helmhout oer. Hy sylde 6 jier yn de grutte A mei syn skûtsje Grutte Pier.

Ik bin te fanatyk, sizze se.

IFKS-skipper Lucas Bouma

"Ik wol der efkes ôf wêze. Ik ha it smoardrok en it kostet tefolle tiid en tefolle enerzjy om skipper te wêzen. Ik bin te fanatyk, sizze se."

Bouma syn opfolger, Henk Regts, is gjin ûnbekende. Yn 2002 waard hy eigener fan de Ut en Thús en sylde streekrjocht nei de grutte A. Bouma: "Ik hâld der net hielendal mei op, ik syl mei Henk mei, mar ik wol in oare rol oan board. En Henk is perfekt as skipper. It kin ek noch folle hurder, dêrom kriget de Grutte Pier dizze winter ek noch in nije mêst. Ik ha der in soad betrouwen yn."

Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Ofrûne winter waard al bekend dat Arend Wisse de Boer de IFKS ferruilet foar de SKS om adviseur te wurden op it skûtsje fan De Jouwer. "Ik ha myn maat Rinus beloofd dat as hy skipper wurde soe yn de SKS, ik as adviseur meigean. En sa barde it."

Dûbeld gefoel

Dizze simmer sylde De Boer al mei Rinus de Jong mei op it skûtsje fan De Jouwer. Nei twa wiken SKS folge syn lêste IFKS. It kampioenskip hat in dûbeld gefoel by De Boer efterlitten: "It wie in fantastyske wike, mar we ha it net troffen mei it waar. Mei sylber waar sylden we foaryn, earste sels, mar de hurde wyn is net foar ús. Ik hoopje dat Harmen dêr wat op fynt, want it hat ús 'nekt'. Dat wie jammer."

Sjoen de lêste útslaggen hat De Boer yn Harmen Brouwer in goede opfolger fûn. Op de slotdei fan de IFKS debutearre hy as skipper en sylde de Drie Gebroeders as earste oer de streek.

Wat docht Sikke Heerschop?

Yn de kuiergongen giet it lûd dat de wikselingen oan it helmhout net ophâlde mei Bouma, De Boer en Zijsling. Sa soe Sikke Heerschop deroer neitinke om syn soan Anne as nije skipper fan de Wylde Wytse oan te wizen en sels nei de lytse A oer te stappen. Hy wol it nijs net befêstigje. "Ik sis neat. Lit de minsken mar rabje, dat fyn ik moai."

(advertinsje)
(advertinsje)