It wurdt kâld: der kinne dus ekstra minsken by nachtopfang Zienn sliepe

Der kinne yn de nacht fan tiisdei op woansdei ekstra minsken sliepe by de nachtopfang foar dakleazen yn Ljouwert. Opfangorganisaasje Zienn hat it tal beskikbere bêden útwreide fan 40 nei 52.
Nachtopfang © ANP
De winterregeling fan de nachtopfang giet yn as it friest of as de gefoelstemperatuer om de min trije of leger leit. Zienn besjocht woansdei oft de winterregeling aktyf bliuwt of net.
De ôfrûne wike slepten der nachts sa'n tritich minsken by de nachtopfang.