Sân minsken oanhâlden yn ûndersyk nei hannel yn himp en XTC

20 nov 2018 - 14:18

De plysje hat tiisdei sân minsken oanhâlden yn in ûndersyk nei hannel yn himp en XTC. De plysje hat ynfallen dien yn njoggen wenningen. Dat barde fjouwer kear yn Harns en ek yn Easterbierrum, Drylts, Mûnein, Arum en West-Skylge.

Foto: Public Domain Pictures

Der is beslach lein op in fjoerwapen, kontant jild, administraasje, apparatuer foar computers en drugs. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

Nei anonime tips dat der by Harns yn himp hannele wurde soe, kaam de plysje ta deselde konklúzje. Yn in loads yn Harns en op in camping yn Paasloo (Oerisel) binne ynfallen dien. Der binne 120 himpstekken fûn en ek fleskes mei himpoalje.

Ek fûn de plysje hûnderten XTC-pillen en oare harddrugs. Op twa oare lokaasjes binne himpkwekerijen fûn.

Wa binne de fertochten?

De plysje hat trije mannen fan 32, 45 en 47 jier út Harns oanhâlden en ek in 37-jierrige frou út Súdwest-Fryslân, in frou (47) út Harns, in ynwenner (47) fan Tytsjerksteradiel en in man (54) út gemeente Waadhoeke. Seis fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
himp xtc ynfallen
(advertinsje)