Net genôch oanmeldingen: Iepen Mienskipsgala giet net troch

20 nov 2018 - 14:00

It Iepen Mienskipsgala foar de mienskipsprojekten fan Kulturele Haadstêd giet woansdei net troch. It wie de bedoeling om feestlik mei alle dielnimmers werom te sjen op de projekten, mar der binne net genôch oanmeldingen, sa lit de organisaasje witte.

De iepening fan Kulturele Haadstêd - Foto: ANP

Minsken dy't harren oanmeld hawwe, krije no in útnûging foar takom sneon yn De Harmonie. Hjir wurdt dan it stokje fan Kulturele Haadstêd oerdroegen oan Matera (Italië) en Plovdiv (Bulgarije). Dizze stêden binne yn 2019 Kulturele Haadstêd fan Europa.

Dêrneist hopet de organisaasje dat se de belutsenen by de projekten noch treffe op it einfeest op it Aldehoustertsjerkhôf no snein, dat fan 17.00 oere ôf begjint. Op dit feest is eltsenien dy't komme wol wolkom. Der is ûnder oare in stamppotbuffet, in keunstwurk fan Henk Hofstra en alle fjouwer projeksjes fan Lân fan taal wurde efter inoar op de Aldehou toand.

Omrop Fryslân stjoert no snein yn gearwurking mei de Leeuwarder Courant en Podium TV in talksjo op telefyzje út fanút it stedskantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf. Hjiryn wurdt weromsjoen op it Kulturele Haadstêdjier en praat oer de takomst. It programma begjint om 17.30 oere en duorret oant 19.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)