Plysje hâldt trije minsken oan en nimt 650 aaien, fjouwer fjoerwapens en yllegale netten yn beslach

20 nov 2018 - 13:43

De plysje hat op 6 novimber yn Berltsum trije minsken út de gemeente Waadhoeke oanhâlden op fertinking fan fiskstreuperij. De trije, twa mannen en in frou, soene belutsen wêze by it yllegaal fiskjen op wolhânkrabben.

Streuperij yn Waadhoeke - Foto: Sportvisserij Fryslân

In petear mei plysjewurdfierder Seinstra

In fjirde fertochte is in dei letter nei it plysjeburo helle. De wolhânkrabben waarden mei spesjale netten fongen yn in grut gebiet yn Noardwest-Fryslân. De netten komme út it bûtenlân en meie net yn Nederlân brûkt wurde om mei te fiskjen. "Dat binne netten dy't we hjir net faak sjogge", seit plysjewurdfierder Seinstra. "Dy binne ûntwikkele om krabben te fangen."

Jachtfjoerwapens

By de 54-jierrige haadfertochte binne in soad netten en fûken fûn en ek noch fjouwer jachtfjoerwapens en in grutte samling fertochte aaien - sa'n 650. De man hie gjin fergunning foar de wapens en hie ek gjin tastimming om de aaien te hâlden. In soad komme fan beskerme bistesoarten. Seinstra: "Hy hat dêr fansels wat oer sein wêrom't hy de aaien hat, mar yn it belang fan it ûndersyk kin ik dêr neat oer sizze."

Earder oanhâlden

Trije fertochten kinne yn alle gefallen in proses-ferbaal ferwachtsje foar oertrêding fan de Visserijwet. "Der wurdt swier oan tild." De straf kin oprinne oant 6 jier yn de sel en/of in boete fan 83.000 euro. De haadfertochte is al earder oanhâlden foar soks en krijt no ek proses-ferbaal foar ferbean wapenbesit en foar it feit dat hy aaien hie dy't fan beskerme bistesoarten komme.

De fertochten ferkochten de wolhânkrabben en ek iel, ûnder oaren oan de fjirde fertochte. Allinnich leden fan de Friese Bond voor Binnenvissers meie fiskje op de wolhânkrabben.

Yn beslach naam

De plysje hat gearwurke mei Sportvisserij Fryslân en de NVWA (Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit). Der binne ûnder oare 28 spesjale krabbenfallen yn beslach naam en ek 25 fûken, 800 meter oan steande netten en in boat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)