Fearboaten fan en nei It Amelân útfallen fanwege lege wetterstân

20 nov 2018 - 13:12

Guon fearboaten fan en nei It Amelân farre tiisdei net fanwege de lege wetterstân. It wetter stiet leech fanwege de oanhâldende hurde eastewyn. Dêrmei komme meardere ôffearten fan rederij Wagenborg tusken It Amelân en Holwert te ferfallen.

De boat tusken It Amelân en Holwert - Foto: ANP

It giet om de fearboat dy't om 13.00 oere fan It Amelân ôf fuortgean soe en de fearboat dy't om 14.00 oere fan Holwert ôf fuortgean soe.

Wagenborg hat ek in streek set troch in tal ôffearten dy't foar woansdei op de aginda stiene. It giet om de fearboaten dy't om 13.00 en 15.00 oere fan It Amelân nei Holwert gean soene en de fearboaten dy't om 14.00 en 16.00 oere de oare kant op farre soene.

(advertinsje)