Tûken hage te grut foar gemeente: ynwenners Terherne snoeie sels

20 nov 2018 - 11:51

Ynwenners fan Terherne ha de gemeente De Fryske Marren út de brân holpen troch de hage om de iisbaan sels te snoeien.

De iisbaan fan Terherne - Foto: Google Street View

It ûnderhâld wie der de lêste jierren by ynsketten. Apparatuer fan de gemeente koe de 'dikte' fan de tûken net langer oan. Tsientallen frijwilligers ha mei help fan fiif motorseagen de hagen dochs noch snoeid, skriuwt Pleatslik Belang yn de Doarpskrante.

Se wiene der twa dagen mei dwaande om in heale kilometer oan hage te snoeien. Dy is werom brocht nei de oarspronklike hichte fan ien meter. De gemeente sil it ûnderhâld fan no ôf wer dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)