Fryslân skoart boppe lanlik gemiddelde mei banegroei yn MKB

20 nov 2018 - 11:42

Fryslân skoart boppe it lanlik gemiddelde as it giet om banegroei yn it MKB. Lanlik giet de wurkgelegenheid mei 3,8 prosint omheech, wylst dat persintaazje yn Fryslân op 4,2 leit. Dat docht bliken út de Van Spaendonck MKB Banenmonitor.

In rút fan in berne-opfang - Foto: ANP

Allinnich Noard-Brabân en Grinslân skoare mei 4,6 en 4,5 prosint heger as ús provinsje. Benammen yn de berne-opfang, de geastlike sûnenssoarch en de handicaptesoarch giet it oantal banen mei 9,2 prosint bot omheech.

Opfallend is dat der mear tydlike kontrakten binne as trije jier lyn. Neffens de ûndersikers kin dat in gefolch wêze fan in tanimmende dynamyk op de arbeidsmerk, wêrby't mear minsken fan baan wikselje en mear bedriuwen minsken oannimme.

Trefwurden: 
MKB banegroei
(Advertinsje)
(Advertinsje)