In sigaretsje opstekke op it dek fan in fearboat? Dat mei aanst net mear
In sigaretsje opstekke op it dek fan in fearboat fan rederij Doeksen is fan 1 jannewaris ôf net langer tastien. Fan dy datum ôf binne alle skippen, terminals en terreinen fan de rederij smookfrij.
It ferbod jildt foar sigaretten, sigaren, pyptabak en e-sigaretten. It wie sûnt 2008 al ferbean om yn de terminals en yn de skippen te smoken, mar dit wurdt dus útwreide. Om it smookfrije belied te stypjen wurdt al it smokersguod út it assortimint fan de winkel yn de fearterminal yn Harns helle.
Doeksen heakket mei de maatregel yn op it lanlike inisjatyf 'Op weg naar een rookvrije generatie' fan de Hartstichting, KWF Kankerbestriding en it Longfonds.
It belied past neffens Doeksen net allinnich by in sûne wurkomjouwing, mar is ek better foar de Waadsee, om't peuken net langer yn it wetter smiten wurde. Jierliks spiele wrâldwiid 580 biljoen peuken oan op it strân.