Makelers wolle mear nijbou yn de gemeente Súdwest-Fryslân

Makelers yn Súdwest-Fryslân meitsje harren soargen oer it tekoart oan nijbouwenten yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens de makelers is der in soad ferlet fan de nije huzen, mar leit de provinsje dwers.
Makelders wolle mear nijbou
De provinsje bepaalde mei kontinginten wêr't yn Fryslân boud wurde mei. En dy kontinginten foar Súdwest-Fryslân binne sa goed as op. It betsjut ûnder oare dat der gjin nije wenten mear bij komme kinne yn de nijbouwyk Harinxmaland yn Snits.
Wylst der neffens de makelers wol ferlet fan is. De gemeenteried hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oproppen om mei de provinsje om tafel te gean.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga