Piet Paulusma ferwachtet earste snie fan dizze winter

20 nov 2018 - 09:22

Waarman Piet Paulusma ferwachtet foar tiisdeitemoarn de earste snie fan dizze winter. Ek middeis en oan it begjin fan de jûn kin der wat falle. Omdat der ek rein of in kombinaasje fan snie en rein falt, sil it foarearst gjin winterske plaatsjes opsmite. Wol moat rekken holden wurde mei glêdens.

Snie - Foto: ANP

Neist dat der kâns op snie is, fielt it tiisdei ek wintersk oan. Troch de hurd easte- oant noardeastewyn is de gefoelstemperatuer sa'n trije oant fjouwer graden ûnder nul, wylst dy temperatuer yn werklikheid fjouwer graden boppe nul leit.

Woansdei is it al wer dien mei de sniekânsen. Mooglik dat der yn it wykein wol wer wat falt. Wol bliuwt it de kommende dagen kâld, mei nachts lichte froast.

Trefwurden: 
Piet Paulusma snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)