Tal geitebedriuwen giet omleech, mar tal melkgeiten omheech

It tal spesjalisearre geitebedriuwen yn Fryslân is ôfnaam, mar it tal melkgeiten dat yn ús provinsje hâlden wurdt, giet omheech. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Geiten © ANP
It statistykburo hat 2017 ferlike mei de foarriedige sifers fan dit jier. Ut dy sifers komt ek nei foarren dat it grutste diel fan de melkgeiten hâlden wurdt op spesjalisearre bedriuwen.
Yn Fryslân wiene der in 2017 noch 25 bedriuwen dy't spesjalisearre wiene yn it hâlden fan geiten. Dit jier binne dat der trije minder. It tal melkgeiten yn ús provinsje giet omheech fan 12.317 nei 16.446. Dy taname sjocht it CBS ek yn de measte oare provinsjes. Gemiddeld giet it tal melkgeiten yn Nederlân mei tsien prosint omheech.

Minder bedriuwen

Wat it tal spesjalisearre bedriuwen dat geiten hâldt oanbelanget, wykt it byld yn Fryslân ôf. Yn de measte provinsjes kamen der krekt bedriuwen by. De measte fan dizze bedriuwen sitte yn Noard-Brabân en Gelderlân. Dy provinsjes stelden ferline jier ek in stop yn op de groei fan it tal geitebedriuwen en te hâlden geiten. Dit jier diene Utrecht en Oerisel dat. Limboarch tinkt noch nei oer sa'n ferbod.

Rekôr

Yn it tiidrek 2000-2018 is it tal melkgeiten yn Nederlân trije kear safolle wurden. Allinne fan 2009 op 2010 gie it tal mei seis prosint omleech troch ûntrommingen fanwege Q-koarts. Dêrnei sette der wer in groei yn, mei in rekôrhichte fan 588.000 dit jier.