Kollum: "Bleatekontsjestaboe"

20 nov 2018 - 07:31

"Ein desimber wurdt ús heit hûndert jier. 'As ik teminsten sykheljen bliuw', heakket er dêr meastal oan ta. Sa'n opmerking typearret him: it is in nochteren, realistysk man, altyd al west. Dat blykt ek út de ferhalen dy't er fertelt. En as je sa âld binne as hy ha je in protte te fertellen.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Ferhalen út de tiid dat de marsekreamer of bakjerinder oan 'e doar kaam. Mei brillen. En dat sa'n bril by it ferstjerren fan buorman tenei troch buorfrou brûkt waard, krekt sa maklik. Ferhalen oer it saneamde 'nije ljocht', dat je mar op in knopke hoegde te drukken om ljocht yn 'e hûs te hawwen en dat net ien dat earst leauwe woe. Oer de ferwûndering fan Sjoerd dy't in koetske sûnder hynder riden sjoen hie, echt wier, heite, en dat dy útlake en foar gek ferklearre waard.

Sa fertelt er ek oer de tiid dat se as bern simmerdeis altyd yn see swommen. Yn de bleate kont. Net ien dy't dêr euvelmoed yn hie. In hiele kloft jonges en fammen ûnder de gleone sinne yn it koele wetter fan it Waad. Neat bysûnders. Oant in stel fan bûten yn 't doarp kaam te wenjen. De frou fan it stel hie op in stuit nei de bern stien te sjen dy't yn see oan 't swimmen wiene. Se fûn it ferskriklik, fersuchte dat it in 'goddeleaze binde' wie. Sûnt wie de ûnskuld ferlern gien. Dat ferhaal beliket de sûndefal yn it paradys. Op syn Frysk fansels, mar dochs.

It hat derfan dat wy as maatskippij oersidich wurden binne. Dat wy alles ek seksualisearje. Dêr kaam skriuwster Saskia Noort lêsten ek achter. Sy pleatste in foto op Instagram fan bleate bern op in strân. Dy foto wie 47 jier lyn makke wurden troch har heit, in profesjonele fotograaf. Foar har wie it in oantinken oan ûnskuld, oan har bernetiid en oan einleaze simmers. Likegoed waard dy foto troch, sa't Noort dat neamde, de 'Instagramplysje' ferwidere. Kinst dy ôffreegje oftst sa'n oantinken foar dysels hâlde moatst of diele mei de hiele wrâld, mar it is wol in teken fan de tiid dat soks net mear kin. Ronald Giphart hie it yn dat ferbân oer 'volksvertrutting'.

Sa is it. Noch net sa lang lyn leine froulju fan jong oant âld topless oan it strân, no is dat komselden noch it gefal. Dat jildt ek foar dûse nei it sporten. By de jeugd hâldt elkenien tsjintwurdich dêr de ûnderbroek by oan. Sels yn guon klimhallen, oars dochs bolwurken fan frijfochtens, meie froulju net mear yn in sport-bh of watfoar bh ek mar klimme. Krekt sa't manlju dat net mear yn de bleate bealch dwaan meie. Oer it boarstjaan fan memmen yn it iepenbier ha ik it alris hân, dat dat no as skamteleas sjoen wurdt.

Alle bleatens wurdt seksualisearre, wylst in bleat lichem in bleat lichem is, net mear en net minder. Mar dat wie net wat de frou op de seedyk tocht, doe't se nei ús heit-en-dy stie te sjen dy't yn see swommen. Dy neamde it in 'goddeleaze binde'. Sa besjoen feroaret der yn hûndert jier ek wer net sa'n protte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)