Helpferlieners komme yn aksje fanwege reanimaasje by patatfabryk
Helpferlieners moasten tiisdeitemoarn yn aksje komme fanwegen in reanimaasje by it patatfabryk fan Lamb Weston yn Kleaster-Lidlum, by Easterbierrum. In sjauffeur dy't ferpakkingsmateraal bringen kaam, waard net goed. De sjauffeur is úteinlik yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs.
Earst kamen bedriuwshelpferlieners yn aksje. Letter waarden sy bystien troch ambulânsemeiwurkers. Neffens in wurdfierder fan it bedriuw wiene de ambulânsemeiwurkers tige te sprekken oer de earste helpferliening.