Plysje hellet drank- en drugsriders fan dyk yn Ljouwert en Grou

20 nov 2018 - 06:43

In 28-jierrige frou út Ljouwert is moandeitejûn oanholden omdat se de benzinerekken by in tankstasjon oan de Aldlânsdyk yn Ljouwert net betelje koe. Ut in test die bliken dat de frou ûnder ynfloed fan drugs wie.

Plysje - Foto: ANP

De frou is meinaam nei it plysjeburo. Dêr is in bloedproef by har ôfnaam. Foar de net betelle rekken is in regeling troffen.

Op de Voorstreek yn Ljouwert waard in 23-jierrige automobilist út Wâlterswâld oan de kant set. By it blazen die bliken dat de bestjoerder ûnder ynfloed wie fan alkohol. It rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal opmakke.

In 25-jierrige man út Grou is yn syn eigen doarp oanhâlden op de Tjallinga. De man foel op omdat er hiel stadich ried. Ut in earste test die bliken dat de man drugs brûkt hie. Op it plysjeburo is in bloedproef ôfnaam. Der is proses-ferbaal opmakke en de man krige in rydferbod foar 24 oeren oplein.

Trefwurden: 
plysje drank drugs
(advertinsje)
(advertinsje)