Polityk yn Weststellingwerf wol supermerk net ferhûzje

19 nov 2018 - 22:57

De polityk yn Weststellingwerf fielt der neat foar om mei te wurkjen oan it ferhûzjen fan de Aldi-supermerk yn Wolvegea. De riedskommisje en it kolleezje fine dat Wolvegea der mear oan hat as it winkelgebiet kompakt bliuwt. It ferpleatsen fan de Aldi fan it Van der Sandeplein nei de Hearrenfeansewei soe it winkelgebiet ferswakje. Dat fûn de winkeliersferiening ek.

De Aldi yn Wolvegea - Foto: Google Street View

Aldi frege yn febrewaris in omjouwingsfergunning oan foar in perseel bûten it sintrum, oan de Hearrenfeansewei dus. Dêr is no in waskstrjitte en dy soe plak meitsje moatte foar in nij pân. Neffens de Aldi hat de supermerk net genôch parkearplakken oan it Van der Sandeplein, hielendal as dy by eveneminten dield wurde moatte. Neffens wethâlder Hanneke Zonderland is de sitewaasje just better, no't der blauwe parkearzônen binne.

De supermerk tinkt ek dat it net goed te finen is foar klanten fan bûten Wolvegea.

Juridysk soe Aldi in kâns meitsje om de ferhûzing te easkjen, as bliken docht dat detailhannel neffens it bestimmingsplan kin oan de Hearrenfeansewei. Neffens de Aldi is dat sa, mar de gemeente seit dat der gjin nije detailhannel tastien is op it plak fan de waskstrjitte.

(advertinsje)
(advertinsje)