Ljouwert kriget earste sealhockeydome fan Noard-Nederlân

19 nov 2018 - 22:27

Ljouwert krijt as earste yn Noard-Nederlân in hockeydome. It giet dan om in hal dy't je opblaze kinne en dêr't op twa fjilden kompetysje spile wurde kin. Ek kin der op de fjilden folop traind wurde.

Foto: Dick Aalders / Flickr

De hockeydome sil brûkt wurde troch Mixed Hockey Club út Ljouwert. De feriening kin troch de komst fan de hal no op gewoane tiden traine. Freed sil de hal opblaasd wurde mei help fan tsientallen frijwilligers.

Yn it wykein sille 20.000 fliertegels lein wurde en wurde de tribunes opboud. Begjin desimber is de offisjele iepening en kin it heve mei de earste sealwedstriden.

(advertinsje)