Beoardielingskommisje opnij hiel posityf oer Waadakademy

De Waadakademy hat in moaie opstekker te pakken: de kommisje dy't de Waadakademy boardielet it hiel posityf. Dat stiet yn it evaluaasjerapport dat oer de lêste fiif jier giet. De Ryksoerheid hat de Waadakademy yn 2008 ynsteld om de kennis oer it Waadgebiet 'duorsum te húsfestjen'. Neffens de beoardielingskommisje is de wittenskiplike kwaliteit fan it wurk fan de Waadakademy "zeer goed".
© Waadakademy
De lêste kear dat de beoardieling dien is, wie fiif jier ferlyn. En doe wie de útkomst ek posityf.
Yn it rapport fan no stiet: "De Waddenacademie heeft met een klein team en beperkte middelen een indrukwekkende hoeveelheid hoogkwalitatief werk verzet of laten verzetten en weet excellente onderzoekers met een uitstekende reputatie aan zich te binden", skriuwt de eksterne evaluaasjekommisje ûnder lieding fan Sybilla Dekker. Sy wie earder minister fan Folkshúsfesting, Romtlike Oardening en Miljeubehear en is no Minister fan Steat.

Oanbefelings

De kommisje hie ek njoggen oanbefelings. Dêrmei kin de Waadakademy de eigen wittenskiplike kwaliteit, maatskiplike relevânsje en libbensfetberens fierder fergrutsje. Om dat te dwaan, advisearret de kommisje om in strategyske fyzje foar de lange termyn te ûntwikkeljen. Ek moat der systematysk oerlein wurde mei de belutsen partijen yn it Waadgebiet.