Wetterskip Fryslân begjint mei learwurkbedriuw foar grienûnderhâld

Wetterskip Fryslân wol in learwurkbedriuw foar it ûnderhâld fan grien en foar de bestriding fan eksoaten begjinne. Dat moat dan barre yn gearwurking mei de sosjale wurkfoarsjenningen Empatec en Caparis.
© Pixabay
Meiwurkers fan dy bedriuwen kinne ûnderhâld dwaan yn Fryslân en yn it Westerkwartier yn Grinslân. Dat heart ek by it gebiet fan it wetterskip. Mei it learwurkbedriuw ûntstiet wurkgelegenheid foar in groep minsken dy't oars net maklik oan wurk komme.
"Empatec en Caparis hawwe ekspertize yn it begelieden fan minsken dy't fierder fan de arbeidsmerk stean. Wy hawwe it wurk dat by harren past", seit Oeds Bijlsma. Hy is siktaris-direkteur fan Wetterskip Fryslân. "We wurkje al in pear jier gear. Troch de krêften te bondeljen, kinne we in grutte groep minsken wurk biede."

Ofspegeling fan de Fryske mienskip

Mar der binne mear redenen foar Wetterskip Fryslân om mei in learwurkbedriuw te begjinnen. Bijlsma: "We sjogge dat we yn de takomst minsken nedich hawwe. Wy wolle ek in ôfspegeling fan de Fryske mienskip wêze en wy hawwe wurk dat by harren past. Dan telst dat byinoar op."
Om watfoar wurk giet it dan? "It meanen fan gers, mar ek it bestriden fan doarnstikels en beareklau. It grienûnderhâld is in fak. Dêr hawwe wy fakminsken foar nedich en dy kinne Empatec en Caparis ús biede."
As alles goed giet, set it learwurkbedriuw op 1 april 2019 útein. "Dan begjint alles wer te groeien, dus dan moatte jo it ek wer byhâlde."
Oeds Bijlsma fan Wetterskip Fryslân