Foar kultureel haaddoarp De Hoeve is it kulturele jier noch net foarby

19 nov 2018 - 21:47

It doarp De Hoeve oppenearre him al yn it jier 2015 as Kultureel Haaddoarp 2018. Se woene dêrmei de doarpen fertsjintwurdigje rjochting Kulturele Haadstêd 2018. It LF-2018-jier rint takommend wykein offisjeel op syn ein. Mar foar de organisaasje yn it doarp De Hoeve is it noch net foarby.

Sjoukje Wouda en Izie Hoogeveen

Lyts doarp, grutte mienskipssin

De Hoeve is in doarp mei rûchwei 400 oant 420 ynwenners. "Wy wolle foaral sjen litte wêr't in lyts doarp lykas De Hoeve ta by steat is", fertelt Sjoukje Wouda fan Stichting JAWIS. "Oan de hân fan de tema's fan Kulturele Haadstêd stean wy as De Hoeve model foar in echte, hechte mienskip", fertelt se fierder. "Lytse doarpen hawwe wol deeglik besteansrjocht, want krekt dêr is de mienskipssin grut".

Yn de omjouwing fan De Hoeve binne in soad skiep. It is in symboal wurden foar de mienskip fan it doarp. De bern fan de basisskoalle hawwe de skiep sels makke. "Wy libje hjir mei-inoar lykas in keppel skiep, már wy binne wol in iepen mienskip", fertelt Wouda. Dat kinne jo oan de skiep ek sjen dy't alle kleuren hawwe. "Iedereen is welkom om hier te komen wonen, werken en mee te doen onze mienskip", seit foarsitter fan JAWIS, Izie Hoogeveen.

Ofsluting Kultureel Haadjier

Kultureel haaddoarp De Hoeve slút dit wykein noch net ôf, lykas Ljouwert wol docht. Op 23 desimber organissearet it doarp Kerst op De Hoeve. Mei in echte prosesje wurde skiep nei it fêste plak yn it doarp brocht. "En natuurlijk blijven we als JAWIS doorgaan. De bijzondere korendag die we dit jaar gehad hebben, wordt misschien wel vervolgd", fertelt Hoogeveen.

Nochris Sjoukje Wouda en Izie Hoogeveen

(Advertinsje)
(Advertinsje)