Minister Slob: Fúzjes kristlik en iepenbier ûnderwiis net útsletten yn krimpgebieten

19 nov 2018 - 21:09

It fuortset ûnderwiis sil net ûntkomme oan mear gearwurking of sels fúzje, en dan sille kristlike en iepenbiere skoallen inoar opsykje moatte. Dat seit ûnderwiisminister Arie Slob yn It Polytburo. De krimp soarget foar minder learlingen. Sa hat it Dockinga College yn Dokkum al it ûntslach fan tsien minsken oankundige. Yn it basisûnderwiis binne fuzjes tusken kristlike en iepenbiere skoallen al folle langer gewoan.

Arie Slob yn It Polytburo

Minder learlingen, minder jild

It iepenbier en it kristlik ûnderwiis yn krimpgebieten stiet ûnder druk. "We weten dat er in 2030 12 procent minder leerlingen zullen zijn in het voortgezet onderwijs", seit minister Slob. Yn guon regio's is it sels 30 prosint minder. Skoallen krije de learling betelle, dus dat betsjut in grutte tebeksetter wat finansjele middels oanbelanget. Slob seit dat er by syn oantreden as minister fuortendaliks al in warskôging útgean litten hat. "Zorg dat je tijdig handelt, want als je dat niet doet, loop je vast."

Yn Fryslan is it Dockinga College yn Dokkum troffen troch de krimp. Tsien minsken reitsje harren baan kwyt, omdat de skoalle fan 2500 nei 1700 lealingen giet. "Ik heb de berichten daarover meegekregen Ik kan nog niet precies zien wat erachter zit. Krimp inderdaad. Maar als er in een regio ook andere mogelijkheden zijn en ouders kiezen bijvoorbeeld voor hun derde kind voor een andere school, dan is het wel de vraag wat er aan de hand is."

Gjin konkurrinsje, mar gearwurking

De skoallen moatte net mei-inoar yn konkurrinsje gean, mar gearwurkje, fynt de minister. "Dat kan in een extreem geval ook betekenen dat openbaar en bijzonder onderwijs samengaan." Minister Slob fynt dat dy kar soms makke wurde moat. "Daar is ook ruimte voor. Het allerbelangrijkste is dat in de nabijheid van waar ouders met hun kinderen wonen, primair en voortgezet onderwijs aangeboden wordt."

Sûnt ferline jier is it makliker wurden foar skoallen om te fusearjen, ek yn it fuortset ûnderwiis. Minister Slob fynt dat de ferantwurdlike bestjoerders neitinke moatte oer wat winsklik is yn harren situaasje mei de befolkingsprognoazes dy't sy hawwe. "Het basisonderwijs heeft, als het om krimp gaat, over het algemeen de zaken beter op orde dan het voortgezet onderwijs. Als je te lang de boel de boel laat, kan je op een gegeven moment niet mee verder. Ik heb de indruk dat hier ook aan de hand is." De minister ken bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College út in earder funksje en hy hat betrouwen yn syn kundichheid.

Ekstra jild foar technyske vmbo's

Yn krimpgebieten gean in soad learlingen nei it vmbo. Slob hat fanút it reagearakkoart jild beskikber steld foar de technyske vmbo's. Technykse vmbo's binne faak de earsten dy't sneuvelje as it learlingetal tebekrint. Want vmbo-t's binne kostber om oerein te halden. "Ieder deel van het land heeft technisch personeel nodig. Daar is een schreeuwend gebrek aan. Honderd miljoen structureel geld wordt over alle scholen verdeeld en daarna komen er regioplannen. Hopelijk zal dat ook voor technisch onderwijs in Frylân extra middelen kunnen betekenen." Foar it basisûnderwiis hat Slob ekstra jild meikrige om lytse skoallen te stypjen.

Muorke tusken problemen nasjonale en regionale omroppen

It Polytburo praat ek mei minster Slob oer de media, omdat er ek minister fan media is. Troch ôfnimmende reklame-ynkomsten moat de minister it miniumumbedrach dat beskikber is foar de nasjonale publike omrop nei ûnderen ta bystelle. "Dat moet ik gaan doen, zo heb ik afgelopen vrijdag aan de Kamer laten weten. Er zullen ingrijpende keuzes moeten worden gemaakt."

Slob seit dat er in muorke boud hat tusken de problemen by de nasjonale en de regionale omrop. Hy woe dêrmei foarkomme dat de regionale omroppen opnij konfrontearre wurde soene mei minder ryksynkomsten. Kinne omroppen sûnder reklame, ek regionale omroppen? Slob antwurdet dêrop dat yn alle gefallen neitocht wurde moat oer hoe't de omroppen minder ôfhinklik makke wurde kinne fan skommelings yn ynkomsten, wylst se tagelyk wol harren publike taken útfiere kinne.

Proef mei 5 minuten regio-tv op NPO 2

Omrop Fryslan is ien fan de regionale omroppen dy't meidraait mei de finsterprogrammearring. Alle dagen is fan dy omroppen fiif minuten nijs te sjen op NPO 2. De datum fan yngong is noch net bekend. Minister Slob: "Maar het gaat door. Ik heb het geld ervoor kunnen vinden. We hebben er ook voor gezorgd dat Omrop Fryslân weer in heel Nederland te zien is, want daar waren problemen mee."

Omrop Fryslân bliuwt foarearst selsstannich

Neffens minister Slob bliuwt Omrop Fryslân foarearst selsstannich. "We hebben ervoor gezorgd dat er één omroep per provincie is. Ik heb dat ook wettelijk vastgelegd. In dat opzicht hebben jullie sterke papieren. Maar je zult bij elke concessieperiode weer je positie moeten innemen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)