FIDEO: Slotdebat weryndielingsferkiezingen Noardeast-Fryslân weromsjen

Yn Fryslân giet it foar de oankommende weryndieling om ferkiezings yn trije gemeenten: Dongeradiel, Kollumerlân c.a. en Ferwerderadiel. Dy gemeenten sille fan 1 jannewaris ôf opgean yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Moandei wie yn Dokkum it lêste listlûkersdebat.
It slotdebat wie ien fan de lêste mominten foar de partijen om de kiezers foar harren te winnen. Under lieding fan René Koster koene de njoggen partijen harren speerpunten taljochtsje. Dêrfoar lei René de oanwêzige politisy in njoggental stellingen foar.

De ûnderwerpen

Underwerpen wiene ûnder oare:
* Moatte foarsjenningen konsintrearre wurde yn ien plak yn de nije grutte fúzjegemeente of moatte se yn meardere plakken komme?
* Moat de toeristebelesting omheech?
* Moat de hoareka tenei sels útmeitsje wannear't se ticht gean?
* Moat der romte wêze foar in coffeeshop yn de nije gemeente?
* Holwert oan See
De partijen binne FNP, CDA, ChristenUnie, Sociaal in Noardeast-Fryslân (S!N), PvdA, VVD, Waddenpartij, ELP NEF en Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân.

Ek live op Twitter

Us ferslachjouwer Onno Falkena wie oanwêzich by it slotdebat. Hy die ferslach op Twitter. Syn tweets binne hjirûnder te lêzen: