Drege bekerlotting Aris: thús tsjin Zwolle

19 nov 2018 - 18:50

De basketballers fan Aris begjinne it bekertoernoai mei in thúswedstriid tsjin Zwolle. Dat is in drege lotting, want Zwolle is de koprinner fan de Basketball League en hat dit seizoen noch net ferlern.

David Michaels - Foto: www.dijksfotografie.nl

Aris hat dit seizoen al yn de kompetysje tsjin Zwolle spile. Thús gie de ploech fan Tony Van den Bosch doe al hurd ûnderút: 59-105.

De bekerwedstriid wurdt spile op tiisdei 18, woansdei 19 of tongersdei 20 desimber. Mocht Aris stunte kinne, dan pleatste de Ljouwerter basketballers harren foar de kwartfinale.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)