Sportoersjoch: Cambuur, Flyers, reedriden en judoka's

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch fan 11 novimber 2018
Sportklup Cambuur spile sneontejûn thús tsjin Volendam. De Ljouwerters moasten it mei in puntsje dwaan: 1-1. Fan alle ploegen yn it linkerrychje skoart Cambuur it minst.
De reedriders wiene yn Obihiro, yn Japan. It wie gjin geweldich earste wrâldbekerwykein foar de Friezen en al hielendal net foar Sven Kramer. Hoe slim is syn rêchblessuere?
Mear sport op iis: de UNIS Flyers moasten foar de beker tsjin Den Haag. Dy ploech is al jierren in wiere 'angstgegner' foar de iishockeyers fan It Hearrenfean. Ek no hienen de Feansters it wer dreech.
Manon Kamminga boekte yn Alkmaar har earste oerwinning op keunstiis. Se wie de rapste op de maraton yn Haarlem. By de manlju wie gjin Frysk sukses.
De Wedstriid fan de Wike wie de Grand Prix judo yn Den Haag. Dêr kamen trije Fryske froulju yn aksje, mar dy hienen in wat teloarstellend toernoai.