Jelle Bijlsma út Gytsjerk nimt DVJ út De Jouwer oer

Grûnfersetbedriuw Jelle Bijlsma BV fan Gytsjerk nimt de aktiviteiten oer fan oannimmer DVJ fan De Jouwer. Dat bedriuw frege begjin oktober útstel fan betelling oan, fanwege finansjele problemen.
Boufakker © Shutterstock.com
Mei de oername wreidet Bijlsma syn eigen aktiviteiten no út mei betonbouwurksumheden. It bedriuw begjint ynkoarten mei de bou fan fjouwer nije gemalen, yn opdracht fan Wetterskip Fryslân.

Skuldeaskers

Begjin oktober frege DVJ útstel fan betelling oan. It bedriuw koe de betelferplichting net mear neikomme. In soad skuldeaskers wiene feralterearre oer de wize wêrop't de ûndernimmer mei de situaasje omgie. Sa ynvestearre er in protte jild yn syn oare bedriuw, Solid, mar kaam syn betelferplichting by de 284 skuldeaskers net nei.
Guon skuldeaskers krigen troch it fallisemint sels finansjele problemen. Ek de Rabobank Heerenveen waard beskuldige fan neilittigens. Uteinlik binne twahûndert skuldeaskers akkoart gien mei in skikkingsfoarstel.