Ljouwerter Frenk dos Santos fielt him net mear aksepetearre nei de demonstraasjes fan sneon

19 nov 2018 - 18:04

De diskusje oer Swarte Pyt makket in soad los by minsken. Foar Frenk dos Santos út Ljouwert jildt dat seker. Hy is in Ljouwerter mei in Braziliaanske achtergrûn. Hy ûnderfûn sneon hoe kwetsend oft minsken wiene rjochting him, omdat er net blank is.

Amos dos Santos

"Hee, swarte gean nei dyn eigen lân"

Dos Santos fielt him net mear akseptearre yn Ljouwert nei sneon. Hy hie him eins nea bemuoid mei de diskusje, mar gie sneon wol efkes nei it Saailân dêr't de anty-Swarte-Pyt-demonstraasje wie, mar ek pro-Swarte-Pyt-demonstranten. En dêr skrok er hiel bot fan. De aggresje fan de pro-Pitedemonstranten fûn er ferskriklik.

Neffens Frenk krige er tige rassistyske teksten nei de smiten. Lykas "Hee, swarte gean nei dyn eigen lân." Dat wiene net allinnich demonstranten, mar ek memmen mei bern oan de hân.

"Bananen útdiele kin as rassistysk bestimpele wurde"

Neffens Frenk bart dat hieltyd mear en ek hieltyd mear yn syn omjouwing. Minsken dy't altyd grappen meitsje oer syn kleur of komôf. Dat is kwetsend en hy mei der neat fan sizze, want it is in grap, sizze de minsken dan, fertelt Dos Santos.

Sneon op it Saailân waarden bananen útdield oan de anty-Swarte-Pyt-demonstranten. Dat kin as tige rassistysk bestimpele wurde.

Frenk dos Santos

"Salangst dochst wat minsken fan dy ferwachtsje, hearst derby"

Frenk wol dat net mear pikke. Hy fielt dat er derby heart, salang't er him mar gedraacht sa't de minsken hjir fan him ferwachtsje. As hy in oare miening hat of him net gedraacht sa't hjir ferwachte wurdt, wurdt hy wer de bûtenlanner en heart der net mear by. Dat wol er net mear akseptearje. Dêr moat feroaring yn komme, fynt er.

Frenk fynt dat de Swarte-Pyt-diskusje net los sjoen wurde kin fan rassisme. Minsken binne harren der net bewust fan, mar se dogge it wol. Dêr moat oer praat wurde, fynt de muzikant. De minsken moatte in spegel foarhâlden wurde dat dit sa net kin, fynt er.

Ik dacht altijd dat ik een van hen was, een van Leeuwarden. Maar dat is na zaterdag niet meer zo.

Frenk dos Santos

Amos dos Santos

(Advertinsje)
(Advertinsje)