UPDATE: Omstanners helpe man (77) út auto nei ûngelok by Ie

Op de N358 tusken Ie en Mitselwier is in auto yn in sleat bedarre. Omstanners seagen dat der noch in man yn de auto siet. Dy ha him derút helle en binne begûn mei reanimaasje. Dêrnei kamen ek de helptsjinsten oan, wêrûnder de traumahelikopter.
© De Vries Media
De man is nei it sikehûs yn Grins ta brocht. Hy soe swierferwûne wêze.

Update

De man is in 77-jierrige ynwenner fan de gemeente Dongeradiel en is ûnder it riden nei alle gedachten net goed wurden.