Biologyske melkfeehâlders demonstrearje mei ko yn Brussel tsjin fosfaatbelied

Goed 75 biologyske melkfeehâlders en ien ko sille woansdei nei Brussel ta om te demonstrearjen tsjin it Fosfaatbelied fan minister Carola Schouten. Fan dy 75 bioboeren komt in tredde part út Fryslân. Sy binne it der net mei iens dat de minister de biologyske boeren gjin frijstelling jaan wol binnen de Fosfaatwet en dêrom giet de aksjegroep SOS Bioboeren yn protest.
© ANP
Neffens de aksjegroep fynt de Eurokommisje Miljeu it wol te rjochtfeardigjen dat Schouten bioboeren frijstelt fan de wet, "omdat bioboeren de mest- en milieuproblemen in Nederland niet veroorzaken". Mar dat wol Schouten dus net en dêr bale de bioboeren fan. "It is in wet dy't it dongoerskot regulearje moat, mar de biologyske sektor hie en hat gjin dongoerskot."
De wet beheint de biologyske sektor, seit de aksjegroep SOS Bioboeren. "Het vergroot ons mesttekort en stimuleert meer melkproductie per koe. Zaken die indruisen tegen biologische landbouwprincipes. De toekomst van de biologische sector staat op het spel."
Ko yn de greide © Shutterstock.com
Sybrand Bouma fan de aksjegroep