Iepen dei yn stee fan nijjiersresepsje yn Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf ferfangt de nijjiersresepsje troch in iepen dei. Dy stiet pland foar earne yn de maitiid fan takom jier. De bedoeling is om dan allegearre aktiviteiten foar jong en âld te organisearjen.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente kiest hjirfoar omdat dy it belangryk fynt om persoanlik kontakt te hawwen mei de ynwenners. Dat slagget better op in iepen dei as op in nijjiersresepsje. Want dêr komme 'gewoane' ynwenners net, seit de gemeente.