Kninen op alle Waadeilannen yn de knipe troch firus

19 nov 2018 - 15:41

It giet min mei de kninen op alle Waadeilannen. Koartlyn waard dúdlik dat op Skiermûntseach noch mar 150 oant 300 kninen sitte. No docht bliken dat dat net op himsels stiet. Op alle eilannen sitte de kninen yn de problemen. Hoe grut oft dy problemen binne, hinget ôf fan de grutte fan it eilân. Op in grutter eilân binne mear kninen en is de kâns grutter dat der skielk wer wat mear kninen by komme.

Kninestân op alle Waadeilânnen yn in dip

Yntylt bedriget fuortbestean

Op lytsere eilannen is it tal kninen sa bot tebekrûn dat yntylt de soart dwerssit. Mei dêrom wie der op Flylân in plan om kninen fan It Amelân te heljen. Mar dat is no earst op in sêft sin set, omdat ek op It Amelân de kninestân leech is. En op Teksel giet it al jierren ek min mei it bist.

Benammen jongen stjerre troch firus

Op Skylge is it lang lyn dat der sa'n bytsje kninen wiene. Dêr hat Steatsboskbehear útfûn dat it firus VHS2 ferantwurdlik is foar de stjerte. Dat firus wie al aktyf yn kinepopulaasjes oan de Hollânske kust. It is no ek yn in dea knyn op Skylge oantroffen. De kâns is grut dat it firus ek op oare eilannen aktyf is. De sykte is benammen foar jonge kninen gefaarlik, wêrtroch't de kninestân net op it âlde nivo weromkomme kin.

Kninehoalen ek wichtich foar fûgels

Kninen binne wichtich foar de Waadeilannen. Sy soargje derfoar dat plakken iepenbliuwe, sadat guon planten en fûgels dêr in kâns krije om grut te wurden. Guon soarten fûgels binne ôfhinklik fan de knyn. Sa briede de heidehipper en de berchein yn kninehoalen.

As de kninen ienkear fuort binne, wurde de eardere iepen plakken hieltyd rûger, wêrtroch't kninen der net mear wêze wolle. Troch oar fee weidzjen te litten of troch te meanen kin dat foarkaam wurde

In knyn op it begjin fan de Boschplaat op Skylge. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)