Fertochten fan moard op Malteeske sjoernaliste yn byld

De plysje op Malta soe ferskate fertochten op it each hawwe foar de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Dat skriuwt de krante Times of Malta. Heechpleatste plysje-offisieren sizze tsjin de krante dat der op syn minst twa fertochten wêze soene. De sjoernaliste is yn oktober 2017 fermoarde mei in autobom. Se skreau in soad oer korrupsje yn it lân mei 460.000 ynwenners.
Plysjes op Malta © Malta Police
De minister fan Ynlânske Saken soe it nijs befêstige hawwe en seit dat der konkrete saken binne dy't de fertochten oan de moard ferbine. It is net bekend oft de fertochten út de kriminele, saaklike of politike wrâld komme.

Boykot troch Ljouwert

De haadstêd fan Malta, Valletta, is dit jier tegearre mei Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. De moard soarge foar it bekuoljen fan de relaasje tusken beide stêden. Dat komt troch de denigrearjende opmerkingen dy't de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd út Valletta makke oer de sjoernaliste. It betinkingsplak foar har soe nei in healjier wol fuort kinne, waard sein.
Dêrnei boykotte de Fryske Kulturele Haadstêdorganisaasje dy fan Valletta. Der hat sûnt dy tiid gjin offisjele delegaasje mear út Fryslân yn Valletta west. De projekten tusken Malta en Fryslân binne wol gewoan trochgien.